Farwol Einum!

De gesusters Pasveer bellen op mei de fraach om even del te kommen. No ja, ien fan beide, want Hendrikje en Geertruida kin ik noch altyd min útinoar hâlde. Se hiene in ferrassing. En nim jo frou ek ris mei, seine se der achteroan. Omdat je as skriuwer fragen fan jins romanpersonaazjes net wegerje kinne, hawwe wy tegearre dy kant nochris út west.

Earst stutsen wy oan yn Fierum, want dêr sit Rindert Walburg no yn in kreas appartemintsje, wêr’t er, sa’t jim witte, geregeldwei besite krijt fan Lidy. Mar dêr kin better net oer praat wurde. Myn frou woe net mei, want se fynt him in fize fint. En dat is er fansels ek, mar ik ha in grut hert, dat ik ha even by him sitten. Hy hat it o sa nei’t sin, de regeling dy’t ik foar him betocht ha foldocht skoan. ‘It giet dat it slydjaget,’ sei de man, in wat dûbelsinnige opmerking, mar hy hat no ienris syn streken.

Dêrnei rieden wy troch nei Einum. By de gesusters Pasveer wie it in drokte fan belang. En dat wie net alles, der waard op ús wachte. Want ik mocht in monumint ûntbleatsje! Oft ik mar even in kleed fan ien of oar gefal lûke woe. In stânbyld foar myn persoan, gie troch my hinne. Mar dat wie net sa. Wat it dan wol wie? In kofjesetapparaat! En net samar ien, nee, sa’n echt glânzgjend ymponeargefal dat tsjintwurdich yn ’e moade is. En Rino mei syn grouwe bealch stie der neist om him te betsjinjen. As barrista, sis mar. Wy krigen it earste offisjele bakje. Grutter eare kin in Fryske skriuwer net bewiisd wurde, tocht my.

Yn alle drokte skeat Roan Hoogstraten, dy’t no buorket op de pleats fan Rindert Walburg, my ek noch oan. Wy moasten foaral mei nei de pleats, want hy hie in grutte ynvestearring dien. It leafst fuortdaalks, want hy koe de reklame wol brûke, sa’t er sei. Dat wy derhinne. No, dy ynvestearring is net te missen. Achterhûs stiet in mânske yurt, sa’n Mongoalse tinte, dy’t er ferhiert. En wa mei as earste de fakânsje deryn trochbringe? Ik moat werklik faker sokke boeken skriuwe, sa smyt myn wurk teminsten noch wat op.

Dochs geane wy net. Dat kaam sa. Wy wiene om út te blazen nei it Wiel riden. Sa’t jim witte (as jim sa snoad west hawwe en lês it boek) stiet dêr in bankje. Doe’t wy sieten en it der nochris oer hiene, woe myn frou net yn dy yurt. Ik wol net fiksjoneel op fakânsje, sei se. Fiksjonéél, sei ik ferbjustere. En doe fertelde se my dat Einum net bestiet en ek noait echt bestien hat. Ha ha, dat sille wy dan noch wol sjen, sei ik. Fuortdaalks weromriden nei de Gesusters, miskien koene dy har op oare gedachten bringe. Mar wat in ôfdijer foar in skriuwer dy’t yn syn eigen skepping leaut. Want ik moat earlik bekenne dat se gelyk hie. Op it plak dêr’t Einum lei wie neat te sjen, allinnich in bocht yn ’e dyk, mear net. No sit ik djip yn ’e put, mar de wierheid hat… Afijn, jim snappe it wol. Dat mei pine yn it hert moat ik ynearsten ôfskie nimme, ek fan jim.

Farwol Einum!

(en in fijne simmer mei in soad moaie (e-)boeken tawinske…)

Meer blogs

Tymo syn mem is in Frou Sûnder Man. No tinkt se dat se miskien wol in leuke nije freon fûn hat. Ferdy hat in kanarjegiele auto en leit de hiele dei...